Ljouwert wurdt sintrum tsiiskultueren mei nije fabryk CSK

05 sep 2016 - 18:16

Boargemaster Crone fan Ljouwert iepenet woansdei yn Ljouwert it hightech-fabryk fan CSK foar de produksje fan tsiisbaktearjes. It nije fabryk moat de kommende tiid dé lokaasje wurde foar de produksje fan Nederlânske tsiiskultueren foar de suvelyndustry.

No al komt sa'n 30 prosint fan de Nederlânske tsiiskultueren út it fabryk op bedriuweterrein De Hemrik. It stribjen is om dat de kommende twa jier út te wreidzjen nei 100 prosint.

Smaak en kwaliteit

It oerbringen fan de kultueren fan de âlde lokaasje yn Ede nei de nije komt hiel krekt en nimt de nedige tiid. It fabryk hat tige strange hygiëne-easken en de tsiiskultueren wurde opslein by in temperatuer fan -55. De direksje fan CSK wol der earst wis fan wêze dat de kultueren op de nije lokaasje krekt deselde smaak en kwaliteit hawwe as dy op de âlde. Dy testfaze duorret foar elke tsiiskultuer tusken de seis en njoggen moannen.

Groei

It nije fabryk hat folle mear kapasiteit as de âlde fêstiging yn Ede en soarget derfoar dat CSK fierder groeie kin, seit direkteur Sanne Melles. It bedriuw groeit de lêste jierren elk jier tusken de 5 en 10 prosint en hat no in omset fan goed 60 miljoen euro. CSK hat 30 miljoen ynvestearre yn it nije fabryk. By it bedriuw wurkje mei-inoar 180 minsken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)