Bern helpe âlderen yn Smellingerlân mei sûnens

It stimulearringsprogramma Gezond in... yn de gemeente Smellingerlân docht fertuten. Dat programma is in inisjatyf fan it Ryk. Yn wyk- en soarchsintrum de Wiken yn Drachten wurdt it brûkt om âldere bewenners yn beweging en sûn te hâlden.
It soarchsintrum hat dêrfoar ûnder oare de gearwurking socht mei de neistlizzende basisskoalle de Wiekslag. De bern helpe de âlderein te bewegen en ek mei it sieden fan sûn iten. Op de Wiekslag bin de bern der sels ek drok mei. Sa drinke se dêr allinnich wetter en moatte flaubiten sûn wêze.
It programma Gezond In... fan it ministearje fan Folkssûnens jout gemeenten finansjele stipe. Dy meie sels witte hoe't se dat jild ynsette. Steatssekretaris Van Rijn kaam moandei nei De Wiken om te sjen hoe't it jild ynset wurdt yn Smellingerlân.