Kolleezje De Fryske Marren wol gemeentehûs ferbouwe

05 sep 2016 - 17:00

It kolleezje fan boargemaster en wethâlders fan De Fryske Marren wol it besteande gemeentehûs ferbouwe en útwreidzje. Neffens it kolleezje wurdt op dize wize it measte jild besparre. De folsleine kosten foar de operaasje binne goed 10 miljoen euro.

Op it stuit wurde de amtners ûnderbrocht op twa lokaasjes op De Jouwer. Ien dêrfan, Woudstate, stiet foar in grut part leech. Troch dy amtners no nei Heeremastate te heljen, kin op termyn in 150.000 euro yn it jier besparre wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)