Man ramt plysje-auto nei wylde achterfolging troch Kollum

05 sep 2016 - 16:39

De plysje hat moandeitemiddei in 47-jierrige ynwenner fan Dongeradiel oanhâlden nei in wylde achterfolging troch Kollum. Plysjeminsken hienen de man riden sjoen en wisten dat er in ûnjildich rydbewiis hie. Se joegen him in stopteken, mar de man naaide hurd út. Op syn flecht troch Kollum ramde er in plysje-auto.

De man is arrestearre en meinaam nei it buro. Hy hie ek noch drugs en messen by him. Syn auto is fuortsleept.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)