Ljouwerter frijlitten yn drugssmokkelsaak

05 sep 2016 - 16:08
  • Justysje

De rjochter hat in 33-jierrige man út Ljouwert frijlitten, dy't yn foararrest fêstsiet omdat er oaren oanset hie om drugs te smokkeljen. Hy bliuwt wol fertochte yn de saak. De man hie in broer en sus út Ljouwert, Robin en Kelly Neef, safier krigen om drugs te smokkeljen. De twa waarden fjouwer jier lyn oppakt yn Ekwador en ha dêr ek fêstsitten.

De man dy't de twa ronsele, hat neffens de rjochter lang genôch yn foararrest sitten. De rjochtsaak tsjin him en in oare Ljouwerter (41) fertochte is begjin takom jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)