Travelbloggers útnûge om Alde Feanen op 'e kaart te setten

05 sep 2016 - 15:38

De gemeente Ljouwert en in tal toeristyske organisaasjes wolle it Nasjonale Park De Alde Feanen better op 'e kaart sette. Se ha dêrom foar kommend wykein in oantal travelbloggers útnûge. Dit binne minsken dy't op har eigen webside skriuwe oer fakânsjebestimmingen.

Se krije fan alles te sjen en te dwaan, lykas skûtsjesile en nachtsloep farre, mar se sille ek nei musea en speeddate mei ûndernimmers. De ferwachting is dat de travelbloggers nei it wykein in soad skriuwe oer De Alde Feanen, sadat toeristen it gebiet better witte te finen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)