KWF docht takom jier proef kollektearje mei pinautomaat

Ljouwert krijt takom jier in proef mei in mobile pinautomaat by de kollekte foar it kankerfûns. Dat seit ynterim-foarsitter Erik Krikke fan de KWF-ôfdieling Ljouwert. Moandei is de nasjonale kollektewike wer úteinset en gean allinnich al yn Ljouwert sa'n 750 kollektanten op 'en paad. Diskear allinnich noch mei de fertroude kollektebussen.
Moandei is ek de Ynternasjonale dei fan de Woldiedigens. Der is keazen foar 5 septimber om't it de stjerdei fan Moeder Teresa is, dy't snein troch de paus hillich ferklearre waard.