Brêgedek fan nije stasjonsbrêge yn Frjentsjer komt teplak

05 sep 2016 - 12:11

De nije stasjonsbrêge yn Frjentsjer krijt hieltyd mear foarm. Neidat freed al it earste part pleatst is, is it moandei de beurt oan it brêgedek, it stik dêr't it ferkear oer hinne rydt. De stasjonsbrêge ferfangt de âlde, dy wie nei sechstich jier oan ein.

De nije brêge wurdt tenei fanút Harns betsjinne, mei enerzjy fan sinnepanielen dy't derop komme. Ein oktober wurdt de nije brêge iepene. Yn de tuskentiid wurdt de brêge noch wiidweidich testen.

Trefwurden: 
Stasjonsbrêge Frjentsjer
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)