Gemeente krijt soad reaksjes op wenningbouplan statushâlders

05 sep 2016 - 10:37

De gemeente De Fryske Marren wol binnen trije moannen witte oft der alternativen mooglik binne om statushâlders op te fangen. Statushâlders binne asylsikers dy't in ferbliuwsfergunning hawwe. Alle gemeenten ha de plicht húsfêsting te finen foar dizze groep. It kolleezje fan De Fryske Marren kaam dêrom earder mei in plan om tydlike wenningen te bouwen.

Dat moat barre op lokaasjes yn acht doarpen. Dêr kamen in soad reaksjes op binnen. In soad ynwenners kamen ek mei alternative lokaasjes. Dêrfan wurdt besjoen wat de mooglikheden binne.

It kolleezje giet foarearst al fierder mei de útwurking fan it eigen plan op de acht lokaasjes. De gemeente seit wol dúdlik dat de tydlike huzen maksimaal tsien jier stean bliuwe.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)