Ynwenner fan De Harkema trappearret ynbrekker
De plysje siket tsjûgen dy't mear fertelle kinne oer in ynbraak sneintemoarn yn in wenning oan de Pauloane op 'e Harkema. De ynbrekker waard troch in bewenner op 'e die trappearre, wêrnei't in wrakseling ûntstie. De man wist te ûntkommen, mar liet guod lykas in pet en in bril achter.
It giet neffens de plysje om in meagere man fan sa'n 1 meter 75 mei blond stikeltsjeshier. Hy droech in swarte túnbroek en in lange stoffen jas.