Plysje fynt stellen fytsen werom, mar siket no de eigeners

05 sep 2016 - 09:55

De plysje hat snein twa Ljouwerters fan 19 en 22 jier oanhâlden foar it stellen en helen fan fytsen. De plysje kaam de beide manlju op it spoar nei't in frou oanjefte die dat har fyts stellen wie. Se hie sjoen dat har stellen fyts op Marktplaats en Facebook te keap oanbean waard.

It spoar lette de plysje nei in wenning yn de Insulindestrjitte. Yn de tún achter it hûs ûntduts de plysje 25 fytsen, wêrfan yn alle gefallen 16 stellen wiene. De fytsen binne yn beslach naam.

De plysje docht in berop op eigeners fan stellen fytsen om oanjefte te dwaan. Mooglik kinne der dan mear saken oplost wurde.

Trefwurden: 
stellerij fytsen Ljouwert
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)