"Al dy skatten fertelle wa’t wy binne en wêr’t wy weikomme"

05 sep 2016 - 09:47
  • Stille skatten

De depots fan de Fryske musea lizze grôtfol mei skatten dy't jo as besiker nea te sjen krije. Dizze 'Stille skatten' binne fan 5 septimber ôf te sjen yn in nij telefyzjeprogramma fan Omrop Fryslân. Yn it programma ‘Stille skatten’ giet Miranda Werkman by ferskate Fryske musea del om yn de depots te sneupen. Dêr dûkt se yn it Fryske erfgoed en de Fryske kultuer om de stille skatten fan Fryslân bleat te lizzen. Ferstoppe tusken âld papier, stof en oar guod lizze dy te wachtsjen om ûntdutsen te wurden. Wy lizze Miranda seis fragen foar.

Wat is dyn ‘Stille skat’?
‘’Ast bedoelst yn de breedste sin fan it wurd dan bin ik hiel ryk hear. Myn man Abe fansels, myn bern, myn famylje, myn freonen... Mar ast echt keunst bedoelst... Hmm, ik haw in hiel moai Mariabyld, twa eins. Wylst ik net tsjerksk bin of sa, mar dochs rekket it my op de ien of oare wize.‘’

Hokker stille skat is dy it meast bybleaun fan de dingen dy’tsto sjoen hast?
‘’Ai, dat is in lestige fraach. Ik kom sa’n soad moais tsjin by de opnamen en we binne noch net iens op de helte! Mar wat ik hiel bysûnder fûn wie it wiskundeboek fan Eise Eisenga yn it planetarium yn Frjentsjer, ik bedoel dan it orizjineel hin! Dan komt it ferline echt hiel tichteby. Prachtich fyn ik dat. Ik mocht it gewoan oanreitsje en tocht: Wau, hjir op it papier hat Eise Eisenga skreaun en ik reitsje dat no, 250 jier letter, oan!’’

Koesto alle musea ek al foardatsto begûnst mei de opnamen foar it programma ‘Stille skatten’?
‘’Fan namme wol. Mar ik ha no noch lang net oeral west. Dêrtroch fiel ik my as in toerist yn eigen provinsje. Hearlik is dat! Der is sa’n soad te sjen en te belibjen. Al dy skatten fertelle wa’t wy binne en wêr’t we weikomme. Seker as je, sa as ik no, safolle sjogge! Ik besef my no hiel goed hoe ryk wy hjir binne mei al dy musea. En fansels de leafde en passy fan alle minsken dy’t dêr wurkje en alle dagen har stjonkende bêst dogge om ús dat ferhaal te fertellen en de skatten te bewarjen.’’

Wat is it frjemdste datsto tsjinkaam bist yn de musea oant no ta?
‘’Wy hawwe freeslik lake by it Lânboumuseum yn Earnewâld. Dêr draaie se in filmke dêr’t in bolle syn ding docht op in keunstko. Nei’t er ‘klear’ is krûpt der ynienen in man út dy keunstko dy’t de boel opfongen hat. Hilarysk!’’

Wat soesto meinimme nei hûs fan alles datsto sjoen hast?
‘’No, dan soe ik alle planten en krûden fan De Kruidhof yn Bûtenpost wol meinimme wolle hear. Fantastysk wat dêr allegearre stiet, groeit en bloeit. Krûden dy’t helpe tsjin astma, of spierpine of wat dan ek. Nei’t skynt brûkten de minsken yn de prehistoarje dy krûden ek al. De natuer hat ús dat allegearre jûn. Wy moatte der no goed, nee, better op passe.’’

Hokker ferhaal hat dy it measte rekke?
‘’Dat wie it ferhaal fan Willem fan de Spitkeet op De Harkema. Hy fertelt oer syn heit, dy’t as jonge fan tolve by de boer wurkje moast. Doe’t er foar himsels opkaam om’t him ûnrjocht oandien wie troch de boer, stjoerde dy him nei hûs. Ien kear thús stjoerden heit en mem him like hurd wer werom. Gelyk of gjin gelyk, der moast iten op tafel komme. Dan giet it ek oer wat earmoede en gjin kar hawwen mei je docht. Ek no noch, sa seach ik by Willem.‘’

Stille skatten mei presintatrise Miranda Werkman is fan 15 septimber ôf alle tongerdeis om 18.45 oere te sjen op Omrop Fryslân Telefyzje. De earste ôflevering, wêryn’t Museum Dr8888 sintraal stiet, is fan moandei 5 oant en mei freed 9 septimber te sjen as foarpriuwke fan de searje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)