Kollum: "Neaken sûnder KPN"

05 sep 2016 - 08:28

Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân) is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

"Dit wykein wie der in grutte ynternetsteuring by KPN. En riedst it al: ik bin krekt oerstapt nei KPN. Dus doe’t ik sneontemoarns de laptop oanslingere om myn mail te checken, barde der neat. Rjochtsûnder yn byld knippere der in ikoantsje dat fertelde dat ik gjin ferbining hie. Ek de telefoan sei: doch it sels mar. En dan pas ûntdekst hoe ôfhinklik wy tsjintwurdich binne fan ynternet.

Sûnder ynternet lei by my de saak letterlik stil. Ik koe gjin mails ferstjoere en beäntwurdzje of faktueren betelje. En by mear ûndernimmers lei de boel plat. By guon bedriuwen koe net mear pind wurde en ek de telefoan lei der út. Nederlân wie ‘off line’, like it wol. Suver wol noflik soest sizze, mar wat fielst dy neaken ast gjin ynternet mear hast.

Alles, mar dan ek echt alles doch ik tsjintwurdich digitaal. Kontakt mei klanten, online shoppe, rekkeningen betelje, checke wat foar waar it wurdt. Mar ek saken opsykje op Google. Let der foar de grap ris op hoe faak ast de telefoan wol net pakst om wat op te sykjen. Wa diene der ek mar wer mei oan it lêste seizoen fan Boer Zoekt Vrouw? Hoe hjit dy coole Deenske misdiedsearje fan ferline jier? En wat foar nuver sykte hie clown Bassie no ek mar wer? Ik kin gjin petear mear hâlde sûnder dit soarte saken op te sykjen op myn telefoan.

Hoe hiene se dat doe’t der noch gjin Google wie, frege ik my sneontemoarn ôf wylst ik kantoar by ús heit en mem hie, omdat dy noch wol ynternette koene. Wêr sochtst sokke saken dan op? “Dan paktest de ensyklopedy”, wiisde ús mem nei de boekekast. Echt, sei ik. Ik kin my wier net heuge dat ik ea yn in ensyklopedy bleddere ha. Ek net mei myn stúdzje. Sterker noch: doe ha ik net iens in boek oanrekke.

Ik wit noch dat ik foar myn ôfstudearûndersyk by Journalistiek in literatuerlist ynfolje moast. Mar eins kaam alle ynfo dy’t ik brûkt hie fan ynternet. Nee, skodde myn dosint strang, der moasten perfoarst ek boeken op. Dus ik foar it earst yn myn stúdzjekarriêre nei de biblioteek fan Windesheim. Ik ha earst mar ris frege hoe’t soks krekt wurke mei it útlienen fan boeken.

De bybfrou knippere fernuvere mei de eagen doe’t ik fertelde dat ik noch net earder in boek liend hie. ‘En je zit in het laatste jaar?’ frege se ferbjustere. Doe’t ik beskamme fan ja knikte, naam se my skodholjend mei nei de goede ôfdieling. Ik fielde my krekt in beuker oan de hân fan syn mem, dy’t foar it earst nei de grutte skoalle mei.

Mar werom nei ôfrûne wykein. Sa’n ynternetsteuring bewiist mar wer hoe online-ôfhinklik wy wurden binne. Ik gean der klakkeloas fan út dat der altyd ynternet beskikber is, wêr’t ik ek bin. Dat ik oeral myn mail checke kin. En dat elkenien ek mail hat. Mar dat is dus net sa.

Foarich jier hie ik in moaie skriuwopdracht foar in soarchorganisaasje. Ik mocht tsien âldere minsken ynterviewe oer harren lekkerste iten. Fansels krigen se it ferhaal fan tefoaren noch te lêzen. Doe’t ik in frou fan 90 jier ynterviewd hie, frege ik har nei har mailadres. ‘Leave skat’, sei se, ‘dêr doch ik echt net oan mei, al dy drokte.’

Hiel efkes hie’k in black out. Want hoe koe ik har myn tekst dan lêze litte? ‘Gelokkich docht de post noch gewoan syn wurk’, knypeage se doe’t se my wrakseljen seach mei dit logistike probleem. Och heare ja, sa logysk, mar ik wie simpelwei de 'good old' postrinner ferjitten.

En it wurdt noch folle slimmer, want de kommende generaasjes wurde allinnich mar digitaler. In skoftke lyn siet ik by freonen mei lytse bern. Foardat de ukjes jûns op bêd moasten, waard der noch foarlêzen. Fansels moast ik ek in boekje foarlêze. It famke fan krekt trije jier siet mei de tomme yn de mûle by my op skoat. Konsintrearre seach se nei de plaatsjes.

En doe kaam har lytse fingerke tefoarskyn wêrmei’t se oer it papier hinne fage. Net om de bledside om te slaan, mar om te swipen. Se seach my oan doe’t der neat barde, helle de skouderkes op en lei it boekje oan ‘e kant. ‘Kapot’, konkludearre se. Tsja, dêr koe sels KPN dit kear neat oan dwaan."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)