Tal fan archeologyske fynsten by Martenastate

Yn it baggermodder fan Martenastate yn Koarnjum bin tal fan archeologyske fynsten dien. It giet om munten, kûgelhulzen, in kopke en tal fan oare saken. Ek is it restant fan in 'paardenwed' oantroffen. Dat is plak yn it wetter dêr't de koetsen skjinmakke wurde koene en de hynders fuort drinke.
Stichting Martenastate is drok dwaande mei it herstel fan it folsleine kompleks. Om de tún op te knappen wurdt de modder út de grêft brûkt as dong. Alle fynsten wurde de kommende tiid útsocht en letter útstald.