Man sûnder rydbewiis rydt tsjin parkearde auto oan

05 sep 2016 - 06:33
  • rydbewiis

De plysje op It Hearrenfean hat snein in automobilist oanhâlden, dy't trochriden wie nei't hy op de Trambaan tsjin in auto botst wie. De parkearde auto rûn dêrby in soad skea op. De feroarsaker ried troch, mar tsjûgen notearren it kenteken en joegen dit troch oan de plysje.

Dy seach de auto letter op in bedriuwsterrein en koe de bestjoerder oanhâlde. De man hie gjin rydbewiis.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)