Into The Great Wide Open stapt oer op duorsume enerzjy

Festival Into The Great Wide Open hat dit jier de oerstap makke op duorsume biobrânstof. Om dit foarinoar te krijen wurket it festival gear mei GoodFuels, in spesjalist op it mêd fan biobrânstoffen. De organisatoaren wolle mei dizze nije inisjativen harren ekologyske foetprint sa lyts mooglik meitsje. De CO2 foetprint dy't it festival no makket, is troch de biobrânstof mei 70% werombrocht. De eigen stroomproduksje foar bygelyks de muzyk en koelynstallaasjes is dêrnjonken ek nochris folslein fossylfrij.