Wyldspegels tsjin deariden fan reeën

Yn it Leechlân tusken Grou en Warten wurde moandei wyldspegels pleatst. Dy ferstruie it ljocht fan auto's en fytsen. Reeën skrikke dan sa fan de refleksje en drave net fuortendaliks de dyk op. Yn it Leechlân binne it ôfrûne jier faak reeën fûn dy't oanriden wiene.
De gemeente hopet dat tal mei de wyldspegels werom te bringen. Mei-inoar wurde der 40 fan soksoarte spegels pleatst.