Feriene Lofts wol dúdlikens oer Caparis

04 sep 2016 - 19:25

De Ljouwerter gemeentefraksje fan Feriene Lofts wol mear dúdlikens hawwe oer de hâlding fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tsjinoer de ûnrêst by Caparis. Se dogge dit nei oanlieding fan lûden dat it kolleezje druk lizze soe op de ûr fan Caparis. De fraksje wol witte oft it kolleezje yndie druk útoefenet op de akseptaasje fan de nije ynterim bestjoerder binnen Caparis. Se fine dat in ûr yn soksoarte sitewaasjes selsstannich ta in beslút komme moat.

Ek wolle se witte wannear't de gemeenteried folslein bypraat wurdt oer it ûndersyk dat oanfrege is, en hoe fier at dat ûndersyk no krekt is.

Trefwurden: 
Feriene Lofts Caparis polityk
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)