Dweilorkest De Utlopers Belgysk kampioen

04 sep 2016 - 18:47

Dweilorkest De Utlopers fan Snits binne ôfrûne wykein Belgysk kampioen dweilorkesten wurden. It is de earste ynternasjonale titel foar it orkest. De Utlopers hiene earder al it Nederlânsk kampioenskip op harren namme skreaun. De Snitsers diene op útnûging mei oan it Iepen Belgysk kampioenskip foar dweilorkesten.

De binnenstêd fan Halle stie sneon folslein yn it teken fan de dweilmuzyk, en wie omboud ta wiere 'dweilarena'. De sjuery bestie út minsken fan de Vlaamse Amateurmuziekorganisatie (VLAMO).

De Snitsers meie troch dit earste plak no meidwaan oan de Euro Musiktagen yn it Dútske Bösel. Dit is yn it wykein fan 10 en 11 septimber.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)