Van der Bos, Triemstra en Iseger winne yn Penjum

04 sep 2016 - 17:11
  • It winnende partoer
  • De priiswinners
  • Daniël Iseger

It partoer Gert-Anne van der Bos, Taeke Triemstra en Daniël Iseger hat it frije formaasjeseizoen yn styl ôfsletten. De mannen dy't op de haadklassepartij yn Penjum foar it lêst as partoer yn aksje kamen pakten sa har 63-ste oerwinning. Dat is in absolút rekôr yn de keatswrâld.

Lykas bekend hâldt Daniël Iseger op mei it keatsen op haadklassenivo. Yn de finale wûn it partoer mei 5-3, 6-0 fan Johan van der Meulen (stoppet ek), Alle Jan Anema en Hylke Bruinsma. De lytse preemje gie nei Tjisse Steenstra, Herman Sprik en Cornelis Terpstra.

Ta kening waard útroppen Gert-Anne van der Bos fan Mantgum.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)