"Lytse kâns op nije datum foar Afsluitdijk Open"

Ofslútdyk rinner © Hayo Bootsma
De kâns is lyts dat der op koarte termyn in nije Afsluitdijk Open organisearre wurdt. De hurdrintocht dy't sneintemoarn betiid hâlden wurde soe oer de Ofslútdyk waard sneontejûn ôfsein. Der wiene tongerbuien foarsein en de organisaasje fûn it net ferantwurde de loop dan trochgean te litten.
Neffens Rykswettersteat wurdt it plannen fan in nije datum ôfgryslik yngewikkeld. Sa moat de skipfeart stillein wurde, moat it ferkear omlaat wurde en ek moatte der wer nije fergunnings oanfrege wurde.
It is ek de fraach oft de tocht past yn de hurdrinkalender. Organisator House of Sports hat al witte litten dat as de Afsluitdijk Open op koarte termyn al trochgean kin de startbewizen jildich bliuwe.