Atlas mei mear as 200 siden foar Holwert oan See

04 sep 2016 - 15:59

De plannen foar it projekt Holwert oan See binne noch yn in begjinstadium, mar nettsjinsteande dat hat it projekt al wol in eigen atlas. It boekwurk mei mear as 200 siden is makke troch studinten fan InHolland Hogeschool yn Delft. It jout in histoarysk byld en in aktueel oersjoch fan de wichtige tema's dy't te krijen hawwe mei Holwert oan See.

De atlas sil brûkt wurde as standertwurk foar ferskate MBO, HBO en Universitêre opliedingen dy't ek mei Holwert oan See oan de slach sille.

Under oare de TU Delft, de Hanzehogeschool, It Kenniscentrum Natuur en Landschap fan de RUG út Grins, en it Nordwin College yn Ljouwert hawwe yn it nije skoaljier projekten dy't anneks binne mei Holwert oan See.

De atlas fan Holwert oan See is online te finen.

Trefwurden: 
Holwert oan see atlas
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)