Nyck de Vries pakt de winst yn twadde race GP3 yn Italië

04 sep 2016 - 15:29

Autokoereur Nyck de Vries fan Twellingea hat sneintemiddei yn Italië syn earste oerwinning yn de GP3 searjes pakt. It 21-jierrige talint, dy't sûnt 2010 by de talinten fan McLaren rydt, wûn de twadde race fan it wykein. Yn de earste race kaam er noch as sânde oer de finish. Ferline jier mocht De Vries him noch bêste 'rookie', oftewol nijkommer, neame yn de Formule Renault 3.5. Troch syn prestaasjes klimt er no nei it fjirde plak yn it klassemint mei 104 punten.

Ploechgenoat fan De Vries, Charles Leclerc fan Monako, stiet op dit stuit earste yn it klassemint. Hy foel snein út nei in botsing. Hjirtroch moast de safetycar yn it spul komme, wêrtroch De Vries deryn slagge om konkurrint Alexander Albon fan Tailân foarby te riden. De Vries joech it earste plak hjirnei net mear fuort.

De Vries bliuwt lykwols nuchter oer syn earste oerwinning. Neffens him docht er it no hiel goed en sit alles mei, mar kin it yn dizze sport ek samar wer oars wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)