Frysk sukses op jeugd NK fierljeppen yn Linschoten

04 sep 2016 - 12:59

Yn it Utrechtske Linschoten wiene sneon tal fan Fryske ljeppers suksesfol op it jeugd NK. By de famkes o/m 12 jier gie de titel nei Lisse van der Knaap út Drylts mei 9.69 (pr). It sulver wie foar Manon Koehoorn út Snits (9.14, pr).
By de famkes o/m 10 jier wie it goud foar Maureen Westerhof fan Snits (8.48, pr) Ek dêr gong it sulver nei Fryslân: Hilde van der Weij út Sint-Anne ljepte 8.08, pr.

By de jonges o/m 12 jier giene alle medaljes nei de Hollanners. Dêr wûn Kenzo Hielema (11.52) út Kockengen, foar Harmen Timmerarends (11.26).

De jongestitel o/m 10 jier gie nei Roy Velis út Benschop (10.03), foar Chris Lodder út Oudewater (9.61).
Thijmen Veenstra fan Suwâld pakte yn de jongste kategory it brûns mei 9.15 meter.

Trefwurden: 
fierljeppen NK jeugd Linschoten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)