Marianne Thieme stelt Keamerfragen oer ôfsjitten fan reeën

04 sep 2016 - 12:13

Twadde Keamerlid Marianne Thieme fan de Partij voor de Dieren hat keamerfragen steld oer it ôfsjitten fan reeën op Skylge. Se wol witte oft it kloppet dat der fan de provinsje alle jierren 70 reeën ôfsketten wurde meie, wylst dêr neffens saakkundigen gjin inkelde reden foar is. Thieme fynt dat de ôfskot sa gau mooglik ophâlde moat.

Se wiist ek op de eardere útspraak fan de Ried fan Steat oer de jacht op kninen op Skylge. Dy sei earder dit jier dat skea oan fytspaden en tunen troch graafwurk fan kninen net genôch reden is foar in jachtfergunning.

Trefwurden: 
reeën Marianne Thieme Skylge
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)