Prolongaasje wrâldtitel Jannick de Jong is fier fuort

04 sep 2016 - 11:04
  • Jannick de Jong wurdt feestlik huldige

De kâns dat Jannick de Jong opnij wrâldkampioen op de langbaan wurdt is lyts. By de fjirde wedstriid yn it Frânske Morizes helle de Gordykster wol de A-finale, mar dêryn waard er fiifde en lêste. Theo Pijper waard tredde, achter de Frânsmannen Dimitri Berge en Mathieu Tresarrieu.

Op 17 septimber is de fiifde en lêste wedstriid yn Vechta. Erik Riss, de wrâldkampioen fan 2014, waard sneon fjirde. Hy hat no yn totaal 94 punten. Jannick de Jong is de nûmer twa mei 78 punten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)