Ljouwerters winne rôffiskwedstriid, organisaasje is tefreden

© Omrop Fryslân, Hayo Bootsma
De earste rôffiskwedstriid by de Grutte Wielen is wûn troch de Ljouwerters Roelof van der Wijk en Hartger Pruiksma. Sy hawwe yn totaal 3,69 meter oan fisk fongen en wûnen dêrmei in 5 pk bûtenboardmotor.
De Predator Cup, sa't de wedstriid offisjeel hjit, waard foar it earst op dizze lokaasje holden. De 61 teams dy't meidiene moasten safolle mooglik snoek, snoekbears en bears fange. De fisken waarden nei de fangst metten, fotografearre en wer werom yn it wetter smiten.
Tige tefreden
It twadde plak wie foar Harold Wildeboer en Jacco van Jolen, dy't ek beide út Ljouwert komme. Ek it tredde plak wie foar twa Friezen.
De organisaasje is tige tefreden oer it ferrin fan de wedstriid en wol takom jier opnij de Predator Cup by de Grutte Wielen organisearje.