Afsluitdijk Open ôfsein yn ferbân mei waarsomstannichheden

03 sep 2016 - 22:24

It hurddraafevenemint Afsluitdijk Open giet snein net troch. Yn ferbân mei de ferwachte waarsomstannichheden hawwe de organisaasje, Rykswettersteat, de gemeenten Súdwest-Fryslân en Hollands Kroon en de belutsen feilichheidstsjinsten besletten dat it evenemint net trochgean kin. Der is kâns op tonger en swiere wynstjitten.

De organisaasje kin troch de ferwachte waarsomstannichheden net garandearje dat it evenemint feilich ferrinne sil. De Ofslútdyk is in iepen dyk, omjûn troch wetter, wêrtroch it risiko op bliksemynslach gâns oanwêzich is. It is dêrom net ferantwurde de 7.500 dielnimmers, de taskôgers, de frijwilligers en de organisaasjecrew op de dyk rûn rinne te litten, sa seit de organisaasje yn in ferklearring.

De Afsluitdijk Open soe dit jier foar it earst hâlden wurde. De organisaasje giet op syk nei in ferfangende datum, sadat de minsken dy't har ynskreaun hawwe op in oar momint it evenemint dochs noch belibje kinne.

It ôfsizzen fan it evenemint betsjut dat de Ofslútdyk sneontenacht en sneintemoarn gewoan iepen is foar ferkear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)