Helmholt en Brandsma dogge goede saken yn Linschoten

De twadde fierljepwedstriid foar de nasjonale kompetysje yn Linschoten is wûn troch Jaco de Groot. De Woerdenaar ljepte yn de finale in nij persoanlik en Hollânsk rekôr fan 21.57 meter. Dit is de twadde sprong ea makke.
It twadde plak yn Linschoten wie foar regearjend nasjonaal kampioen Bart Helmholt fan Burgum. Hy sprong yn de foarronde lykwols it fierst fan eltsenien: 20.74 meter. Om't allinnich de sprongen út de foarronde telle foar it klassemint fan de nasjonale kompetysje, docht Helmholt goede saken. Hy stiet earste.
Nard Brandsma fan It Heidenskip waard tredde. Ek hy wie lykwols yn de foarrronde better as Jaco de Groot mei in sprong fan 20.37 meter. Brandsma stiet no twadde yn it klassemint fan de nasjonale kompetysje.
Froulju
By de froulju stiene der gjin Friezinnen yn de finale. De top trije út Fryslân die net mei. De winst gie nei Wendy Helmes út IJsselstein. Sy sprong 16.57 meter. Twad waard Kimberly Engelhard út Gouda mei in nij pr fan 15.35 meter. It tredde plak wie foar de winner fan de earste wedstriid fan de nasjonale kompetysje, Dymphie van Rooijen. Sy kaam net fierder as 14.82 meter.
Junioaren
By de junioaren gie de winst nei Freark Kramer fan It Heidenskip. Syn sprong fan 18.98 meter wie krekt better as de 18.62 meter fan Bobby Zwaagman fan Drylts. It tredde plak wie foar nasjonaal kampioen Ricardo Faaij mei in sprong fan 18.23 meter. Om't Faaij yn de foarronde it fierste ljepte, bliuwt hy lieder yn it klassemint.
Jonges
Wietse Nauta fan Drylts wie de bêste Fries by de junioaren. Hy waard tredde mei 16.93 meter, achter Reinier Overbeek (17.16) en Bas van Leeuwen (17.03).
Famkes
By de famkes stiene der twa Friezinnen op it poadium. Sigrid Bokma fan Hylpen waard twadde mei 14.83. Bente Vlas út Heech waard tredde mei 14.64. De winst wie foar Demi Groothedde (15.43).