Friezinne wint Gouden Suikerbiet op Grinzer filmfestival

© Douwe de Boer
De koarte dokumintêre Moving Landscapes fan Froukje van Wengerden út Ferwert is sneontejûn útroppen ta winner fan de Gouden Suikerbiet. Dat barde by it iepenloftfilmfestival Zienemaan & Sterren, dat hâlden wurdt op it eardere Suikerunie-terrein yn Grins. De Gouden Suikerbiet is in priis foar de bêste koarte film út Noard-Nederlân.
De njoggen minuten duorjende film fan Van Wengerden giet oer it langjen nei oanreitsjen. De sjuery hat foar har film keazen fanwegen it sinematografyske en poëtyske karakter fan de film.
Njonken in fergulde sûkerbyt is in bedrach fan 500 euro ferbûn oan de priis.