Russysk gesin stelt klean út winkels yn Ljouwert

(argyffoto) © Omrop Fryslân
In Russysk gesin is sneon pakt foar stellerij yn in tal kleanwinkels yn Ljouwert. In oplettende persoan seach de 46-jierrige fertochte en har dochter in winkel yngean en klean yn har tas dwaan. Har soan stie bûten foar de winkel op de útkyk.
Se waarden op de Wurdumerdyk oanhâlden en dêr die bliken dat de frou klean út ferskate winkels yn har tas hie. It gesin is meinaam nei it plysjeburo foar ferhoar.