'Feilich nêst' foar asylsikersbern yn Burgum

It asylsikerssintrum fan Burgum hat sneon as twadde fan Nederlân in saneamd 'feilich nêst' foar asylsikersbern krigen. It nêst is bedoeld om de bern te stypjen, mar ek om de bern keunstsinnige en kreative aktiviteiten oan te bieden, mei as doel om de bern sa mear selsbetrouwen te jaan.
Bern yn asylsikerssintra hawwe faak te krijen mei stress as gefolch fan wat se meimakke hawwe, de ûnwissens oer de takomst en it regelmjittige ferhúzjen. It 'feilige nêst' wol de bern in sûne omjouwing biede om op te groeien.
Aksjeplan
Fan septimber ôf kinne de bern yn Burgum alle dagen yn it feilige nêst te plak foar aktiviteiten of foar help by it húswurk. It giet om aktiviteiten sa as dûns, toaniel en muzyk, mar ek om pedagogyske en emosjonele soarch. De âlden yn it azc binne net altyd by steat om dy soarch te bieden. Foar alle bern wurdt in yndividueel aksjeplan makke, dêr't oan wurke wurdt.
It model is ûntwikkele yn it eardere Joegoslavië en hat dêr hiel goed wurke. Yn Nederlân wurdt dizze metoade op dit stuit allinne yn it azc yn Katwyk brûkt.