Harkemase Boys thús ûnderút tsjin FC Lisse

03 sep 2016 - 16:27

Harkemase Boys ferlear sneon mei 5-1 fan FC Lisse. Op eigen fjild namen de gasten út Lisse al nei 8 minuten de lieding. Fiif minuten letter stie ek de twadde treffer op it boerd en moast de ploech fan trainer Henk Herder yn de efterfolging. Ezra Schrijver tekene foar de oanslutingstreffer, mar lang koene de Boys net genietsje want rap dêrnei moast Erich Jongeling mei twa kear giel fan it fjild. Lisse profitearre optimaal mei twa rappe treffers. Nei it skoft wie by beide ploegen it krûd damp. Yn it lêste kertier soarge Lisse foar de einstân.

Trefwurden: 
fuotbal Harkemase Boys
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)