Motorrider rekket slim ferwûne by Wynjewâld

03 sep 2016 - 14:04

By in ûngelok op de Mounleane by Wynjewâld is sneontemiddei in motorrider slim ferwûne rekke. Op de dyk wie in oanriding, wêrby't in auto en in motor op mekoar botsten. Der binne meardere ambulânses en in traumahelikopter oproppen foar de helpferliening. De motorrider is nei it sikehûs yn Grins brocht. De tadracht fan it ûngelok is noch net dúdlik.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)