Motorrider rekket ferwûne by botsing op It Hearrenfean

03 sep 2016 - 12:49

In motorrider is sneontemoarn ferwûne rekke by in oanriding op de Thialfwei op It Hearrenfean. De man kaam út de rjochting fan it sikehûs en waard op in krúspunt oer de holle sjoen troch de autobestjoerder. It slachtoffer is troch meiwurkers fan de ambulânse nei it sikehûs brocht. De auto en de motor dy't by it ûngelok belutsen wiene, rekken swier skansearre. De plysje ûndersiket de tadracht fan it ûngelok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)