FIDEO: Admiraliteitsdagen Dokkum yn folle gong

03 sep 2016 - 17:21

De Admiraliteitsdagen yn Dokkum binne yn folle gong. Der binne sneon tal fan aktiviteiten lykas in nostalgyske merk, keunstmerk en demonstraasjes fan ambulânse, plysje en brânwacht. Ek is der in floatskou.

Op it programma stie freedtejûn Night of the Praams. Sa'n tsientûzen minsken kamen dêr op ôf. It histoaryske sintrum fan Dokkum wie it sfearfolle dekôr fan in konsert mei artysten dy't op in sweevjend poadium spilen boppe it wetter tusken tsientallen autentike skippen.

Op snein, de lêste dei, is der ûnder oare in iepenlofttsjerketsjinst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)