Nije brânwachtkazerne op De Lemmer iepene

Op De Lemmer is sneon ûnder grutte belangstelling de nije brânwachtkazerne iepene. It is de earste kazerne dy't Veiligheidsregio Fryslân realisearret sûnt de regionalisearring fan brânwacht Fryslân. It gebou is duorsum en boud troch lokale oannimmers. Ek ha brânwachtminsken sels meitocht oer de ynfolling fan de kazerne.
Unyk oan dizze kazerne is dat spesjaal in doar makke is foar de boat fan de brânwachtpost. Der binne trije doarren, ien foar de tankautospuit, ien foar de helpferlieningswein en ien foar de boat.