UPDATE: Ynternetsteuring KPN is ferholpen

03 sep 2016 - 15:03

Telekombedriuw KPN hat de ynternetsteuring binnen it bedriuw yn de rin fan sneontemiddei ferholpen. Neffens it bedriuw komt it ynternetferkear stadichoan wer op gong.

It gie neffens it bedriuw om in technysk kompleks probleem, wêrtroch't klanten fan 8:00 oere moarns ôf net ynternette koene. Dêrneist koe der yn guon winkels net mei de pinpas betelle wurde. Yn guon gefallen foelen ek it telefyzjesinjaal en de telefoan út. Ek Fryske abonnees binne troffen. It is noch net bekend oft klanten in kompensaasje oanbean krije.

"We vinden het heel vervelend voor onze klanten", neffens in wurdfierder. Neffens him is it noch te betiid om te praten oer in skeafergoeding. "In een later stadium wordt daar uiteraard naar gekeken."

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)