Earste rôffiskwedstryd by Ljouwerter Grutte Wielen

03 sep 2016 - 08:48

By de Grutte Wielen by Ljouwert is sneon de earste saneamde rôffiskwedstryd. Dielnimmers stride om de Predator Cup Ljouwert. Sa'n 60 boatsjes binne op it wetter om yn in frij grut gebiet om de Grutte Wielen hinne te fiskjen.

Doel is om safolle mooglik fisk te fangen, op te mjitten, op de foto te setten en dan wer los te litten. Der wurdt fiske op snoek, snoekbears en bears. In sjuery kontrolearret de foto's en kiest de priiswinners. De haadpriis is in bûtenboardmotor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)