Trije Fryske PvdA-ers kandidaat foar ferkiezingslist

03 sep 2016 - 08:02

De Fryske ôfdieling fan de PvdA hat trije kandidaten foardroegen as fertsjintwurdiger yn de Twadde Keamer. It giet om Marco Keizer út Drachten, Christa Oosterbaan fan Skylge en Jelmer Staal út Ljouwert. Alletrije binne al aktyf foar de partij. De kandidaten sille petearen ha mei de lanlike kandidaatstellingskommisje. Op it lanlike partijkongres wurdt de definitive list fêststeld troch de leden.

De Twadde Keamerferkiezingen binne 15 maart 2017.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)