Man sliept langer yn Skylger hotel sûnder te beteljen

02 sep 2016 - 22:52

De plysje fan Skylge warskôget hoteleigeners op it eilân foar in man dy't sliepen bliuwt sûnder te beteljen. De man checkt yn yn in hotel en bliuwt dêr in pear nachten. Dy betellet er ek, mar ferlinget dan syn ferbliuw. Dêrnei ferdwynt er sûnder te beteljen.

Freed hat personiel fan in hotel oanjefte dien tsjin de man. De identiteit fan de man is bekend. De plysje stelt in ûndersyk nei him yn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)