Selsridende bussen Appelskea kinne de dyk op

02 sep 2016 - 22:42
  • It selsridende buske

De twa selsridende bussen yn Appelskea ride fan heal september ôf op de iepenbiere dyk. De bussen binne freed goedkard troch de Dienst Wegverkeer (RDW). Se sille ynset wurde op it trajekt fan it besikerssintrum fan Steatsboskbehear nei de Wester Es yn it doarp. Dat meldt RTV Drenthe.

Eaststellingwerf is de earste gemeente yn Nederlân dêr't in selsridend ferfiermiddel mei minsken deryn de iepenbiere dyk opgiet. Der wurdt earst in proef fan trije moanne hâlden. De bus rydt maksimaal 15 kilometer yn 'e oere.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)