Westra woe ophâlde mei hurdfytsen: "Wonder dat ik wer start"

02 sep 2016 - 22:26

Hurdfytser Lieuwe Westra hat in moanne lyn noch oerwage om te stopjen mei syn karriêre. Hy wie sa depressyf dat er it fytsen net mear sitten seach.Syn relaasje wie útgien, hy wie belutsen by in soad ûngelokken, in goeie freon fan him rekke swier ferwûne troch it hurdfytsen en hy wenne allinnich yn Monaco fier by syn famylje wei. Dat alles waard him tefolle.

Troch petearen mei famylje en saakkundigen liket it yntusken wat better mei him te gean. Sneon sil Westra foar it earst yn moannen wer in wedstriid fytse, yn België. 

"Eigentlik is it in wonder dat ik überhaupt sneon yn Brussel oan de start stean", sa seit Westra. "In moanne lyn hie ik de handoek al goait om der mei te stopjen, mar no sjocht alles der doch wer oars út". Hy wol him no benammen rjochtsje op it nije seizoen. Dan hopet er yn 2017 wer oan grutte wedstriden mei te dwaan.

Trefwurden: 
Lieuwe Westra hurdfytsen
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)