Froulju SC Hearrenfean winne fan PSV

02 sep 2016 - 21:58

De froulju fan SC Hearrenfean ha freedtejûn mei 2-1 wûn fan PSV. It wie foar de Feanster froulju de earste wedstriid fan de kompetysje.

Nei goed 25 minuten kaam Hearrenfean op in 1-0 foarsprong, neidat Simone Kets de bal yn it doel wurke. Fuort hjirnei waard de wedstriid tydlik stillein troch in tongerbui. Dit brocht Hearrenfean net yn ‘e war. Nei de bui skoarden de froulju de 2-0. Jassina Blom skeat earst noch op de latte, mar skeat dêrnei it twadde Feanster doelpunt binnen.

Yn de twadde helte waard it dochs noch spannend doe Myrthe Moorrees de 2-1 foar PSV makke. Nettsjinsteande dat Maly Breed ien op ien mei de keeper noch fersomme te skoaren, wisten de Feanster froulju de oerwinning dochs oer de streep te lûken.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)