Plannen foar nije Ofslútdyk presintearre

Op de Ofslútdyk komt in retro-reflektearjende fangrail te stean. Dy jout ljocht as de koplampen fan auto's derop skynt. Ek op it beton fan de Lorentz- en Stevinslûzen wurdt in reflektearjende laach oanbrocht dy't allinnich sichtber is as auto's der del ride mei de ljochten oan.
Dizze plannen fan ûntwerper Daan Roosegaarde binne freedtejûn bekend makke by de offisjele start fan de wurksumheden oan de Ofslútdyk.
Minister Schultz van Haegen en de deputearren Kielstra fan Fryslân en Loggen fan Noard-Hollân joegen it startskot foar it projekt 'Icoon Afsluitdijk' troch in saneamde 'spiegelsteen' te ûntbleatsjen. De stien is makke fan âlde basaltblokken en bringt in oade oan de 5000 meiwurkers dy't de 32 kilometer lange dyk yn fiif jier tiid stien foar stien mei de hân boud ha.
Stiennen útrikt
Njonken de ûntbleating fan de earste stien, binne der ek seis stiennen útrikt oan minsken dy't in soad foar de Ofslútdyk betsjutte ha. Twa stiennen giene nei Pennekamp en De Jong. Sy ha har libben lang wurke oan it ûnderhâld fan de dyk. De famylje fan Cornelis Lely, de ûntwerper fan de Ofslútdyk', krige ek in stien.
De arsjitekten fan it nije Masterplan fan de Ofslútdyk, Yttje Feddes en Paul de Ruiter, krigen der ek ien. Alex Terpstra krige der ien foar by it Monumint op de Ofslútdyk en Bert Kranendonk en Theo op de Hok namen in stien mei foar it nije Beleefsintrum op de Ofslútdyk.
Noarderljocht
Freedtejûn en sneontejûn is it keunstwurk 'Waterlicht' te sjen. As in soarte fan noarderljocht fan Nederlân wurdt sjen litten, hoe fier it wetter rikke soe sûnder de oanlis fan de Ofslútdyk. De foarstelling is beide jûnen om 23.00 oere en om 02.00 oere nachts.
Snein wurdt op de Ofslútdyk in hurdrinwedstriid hâlden. De dyk is dan oant 12 oere middeis ôfsletten foar autoferkear.