LOF is twadde haadsponsor Kulturele Haadstêd 2018

02 sep 2016 - 21:09
  • Pieter Douma fan LOF (l) en Lieven Bertels fan KH2018 tekenje de sponsoroerienkomst

It Leeuwarder OndernemersFonds (LOF) is haadsponsor wurden fan Kulturele Haadstêd 2018. It LOF is in koepelorganisaasje fan alle Ljouwerter ûndernimmersferieningen. Se komme op foar de belangen fan de ûndernimmers dy't oansletten binne en fan ynstellingen út it ûnderwiis, de kultuer en de soarch.

Neffens LOF-foarsitter Pieter Douma is de oerienkomst in skot yn de roas. "It is in thúswedstriid foar alle ferieningen yn Ljouwert dy't oansletten binne. It is de ultime foarm fan ûndernimmende mienskip".

Earder waard al bekend dat ek ING oan Kulturele Haadstêd ferbûn is as haadsponsor.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)