Donald Ducks ruilje? It kin yn De Fryske Marren

02 sep 2016 - 21:02

Foar de echte Donald Duck-fanaten binne der dit wykein ferskate ruilbeurzen yn de gemeente De Fryske Marren. Op freedtejûn wie de earste beurs, yn de biblioteek fan Balk. Leafhawwers fan alle leeftiden kinne harren útlêze Donald Duck-tydskriften meinimme en ruilje tsjin oare eksimplaren. Ek samlers fan pocketboeken en stripboeken kinne ruilje.

Sneon is der in beurs om healwei alven yn de biblioteek op De Lemmer en de lêste om twa oere op De Jouwer. De ruilbeurzen wurde organisearre troch de biblioteken. Dy wolle sa mear jeugd lûke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)