Nij MFA Aengwirden yn Tsjalbert offisjeel iepene

02 sep 2016 - 20:46
  • MFA Aengwirden

Yn Tsjalbert is freedtejûn de nije multifunksjonele akkomodaasje Aengwirden offisjeel iepene. De bou hat tsien jier yn beslach naam. Dit mei help fan lokale oannimmers en in soad frijwilligers fanút de omjouwing. It projekt hat mei-inoar sa'n twa miljoen euro koste.

Neffens Gerard Adema fan de Stichting Samenwerking Bevordert Vooruitgang jout it nije MFA de doarpen Terbant, Lúnbert, Tsjalbert en Gersleat in geweldich sosjaal mienskiplike ympuls. "Yn de nije akkomodaasje kinne wy mekoar moetsje en ûntploaie". Sneon is der in iepen dei.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)