PvdA trunet oan op útrikking fan Anita Andriesenpriis

02 sep 2016 - 18:26

De Anita Andriesenpriis foar romtlike kwaliteit moat wer útrikt wurde. Dat fynt de PvdA yn Fryslân. De priis is ynsteld nei it ferstjerren fan deputearre Andriesen en is bedoeld om it behâld en de ûntwikkeling fan romtlike kwaliteit te stimulearjen.

De priis waard oant no ta om de twa of trije jier útrikt, mar de lêste trije jier is der neat mear bard. De PvdA hat der ferline jier ek al oer oan de belle lutsen. Deputearre Sander de Rouwe sei doe dat de priis bestean bliuwe soe. De PvdA wol no witte hoe't it der mei stiet.

"Toen we in november vorig jaar een oproep deden om de Anita Andriesenprijs te behouden deed de gedeputeerde de toezegging dat de prijs niet zou komen te vervallen", seit steatelid Hetty Janssen fan de PvdA. "We zijn nu bijna een jaar later en het blijft stil rondom de uitreiking." Neffens de partij is de priis belangryk omdat minsken sa yn 'e kunde komme kinne mei al it moais fan it Fryske lânskip.

Trefwurden: 
Anita Andriesenpriis PvdA
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)