"Ferfolging Feddema is warskôging foar oare ferhierders"

02 sep 2016 - 17:58

De ferfolging fan Wyb Feddema, eigener fan ien fan de yn 2013 ôfbaarnde pannen op de Kelders yn Ljouwert, moat in warskôging wêze foar oare ferhierders fan keamers en apparteminten. Dat sizze de âlden fan Idsart Otte, dy't by de brân om it libben kaam.

Earder besleat it Iepenbier Ministearje dat Feddema net ferfolge wurde soe, mar mei in spesjale proseduere by it Hôf hat de famylje dy ferfolging noch ôftwong. Omdat se fine dat ferhierders fan keamers en apparteminten net licht oer brânfeiligens tinke meie.

"Je krije Idsart net werom, mar hoe kinne je foarkomme dat pantsjebazen of húseigeners dy't yn de ferhier sitte der foar wei komme as sy harren saken net foarelkoar ha", seit Theo Otte oer de reden om Feddema dochs te ferfolgjen.

De heit fan Idsart is tige bliid dat de saak no foarkomt. "Dat hat te krijen mei it statement dat wy meitsje wolle tsjinoer de pantsjeminsken. Net allinnich yn Ljouwert, mar yn hiel Nederlân. It moat net sa wêze dat syn dea foar neat west hat."

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)